Kerkliedwiki bundels.png
Kerkliedwiki wijst je de weg naar meer dan 10.000 liederen!

Tips nodig? Zo kun je een lied zoeken. Hier vind je een overzicht van alle liedbundels.
Wil je ons werk steunen? Hier vind je meer over doneren of koop onze unieke Ubi-cari-tas.

Meer weten of vragen over Kerkliedwiki? info@kerkmuzieknetwerk.nl
Kerkliedwiki bundels.png Kerkliedwiki wijst je de weg naar meer dan 10.000 liederen! Tips nodig? Zo kun je een lied zoeken. Hier vind je een overzicht van alle liedbundels.

Op Liturgiewerkplaats.nl bieden we je inspiratie en concrete tips rond kerkmuziek en vieren Abonneer je op de nieuwsbrief.

Wil je ons werk steunen? Hier vind je meer over doneren of koop onze unieke Ubi-cari-tas. Meer weten of vragen over Kerkliedwiki? info@kerkmuzieknetwerk.nl

Hertslach

Uit Kerkliedwiki
Ga naar: navigatie, zoeken

De bundel Hertslach bevat nieuwe Friese liederen van Hindrik van der Meer en Eppie Dam en is verschenen in januari 2019.

1rightarrow blue.svgInhoudsopgave van deze bundel.

Beschrijving

Oer it ûntstean fan dizze bondel.

In 2017 kaam it bestjoer fan It Kwartettekoar by útjouwerij Intrada mei in fersyk. De winsk wie om in bondel gear te stallen út it repertoire fan Hindrik van der Meer en Eppie Dam. It twatal hat fan 1990 ôf de Fryske tsjerken en skoallen ferrike mei in grut tal fernijende lieten, dy't jierrenlang har wei fûnen nei de minsken.

Oanlieding ta it fersyk wie de wittenskip dat Hindrik van der Meer -yn 2006 oprjochter en sûnt dy tiid ynspirator fan it koar - yn 2018 tachtich jier hope te wurden en in spesjaal oantinken fertsjinne. Hy wie it dy't sawol op boartlik as earnstige wize rûnom eigentiidse taal en muzyk ta libben brocht.

Intrada stie posityf foar it inisjatyf oer, mar wie tagelyk fan betinken dat de bondel dan wol breder wurde mocht no't de gelegenheid him foardie. De ôfrûne desennia hiene ommers mear dichters en kompo- nisten lieten makke dy't de muoite wurdich binne. Faak wiene se as losse útjefte ferskynd of oars opnommen yn flintertinne boekjes.

De útkomst hat west dat Intrada in fjouwerkoppige redaksje yn it libben rôp om te soargjen foar in mar tagelyk kritise seleksje. It resultaat is dizze útjefte mei net it minste dat Fryslân op it mêd fan it religieuze liet yn tritich jier fuortbrocht hat.

Twa auteurs joegen de bondel syn moaie titel en ûndertitel mei: Hertslach. Lieten om it út te sjongen. Dêr kloppet noch de siel yn fan wat net ferlern gean mei. Wy sjonge om it fol te hâlden yn tiden dat it dreech is, sa't wy jubelje op ús heechtijdagen. Intrada befellet Hertslach waarm by jim oan en hopet dat jim it sjongen noch net fergien is.

Jan de Jong Intrada muziekuitgatte

It Hearrenfean 2018

Uitgever

Uitgever is Intrada Muziekuitgave, Heerenveen. ISBN 978-90-74865-23-4 NUR 668